Dijksma besiket suvelfabriken

08 sep 2014 - 14:51
  • It fabryk fan A-ware

Steatssekretaris Sharon Dijksma fan Ekonomyske Saken hat moandei op It Hearrenfean de nijbou fan de suvelfabriken fan A-ware en Fonterra besjoen. Dijksma neamt de nije kluster fan suvelfabriken fan nasjonaal belang foar de Nederlânske suvelyndustry en woe de nijbou dêrom mei eigen eagen besjen. De nije fabriken smite mei-inoar in pear hûndert nije arbeidsplakken op.

De komst fan de nije fabriken betsjut ek mear fraach nei molke en mear molkeproduksje.

Steatssekretaris Dijksma begrypt dat in soad boeren de ein fan de superheffing oangripe om út te wreidzjen, mar se fynt dat de melkfeehâlders besykje moatte om dit sa tûk en duorsum mooglik te dwaan. Oer de krekte grinzen fan de groei en de spulregels hat de steatssekretaris moandeitemiddei yn Oranjewâld oerlis mei bestjoerders fan de noardlike provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)