Friezen sporte mar kwalik

Fryslân heart, mei Grinslân en Drinte, ta de provinsjes dêr't it minst oan sport dien wurdt. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it ministearje fan folkssûnens.
Yn ús provinsje docht yn de gemeente Achtkarspelen by goed 64 persint fan de húshâldens ien of mear minsken net oan sport. Ek yn Ferwerderadiel en Eaststellingwerf wurdt kwalik sporten, sa stiet yn it ûndersyk.
Wethâlder Marten van der Veen fan Achtkarspelen begrypt neat fan it ûndersyk. Neffens him hat de gemeente de lêste tiid júst in hiel soad dien om minsken oan it sporten krijen.