Plysje bedrige troch jonges

Plysje © ANP XTRA
In 14-jierrige jonge út Ljouwert en in 19-jierrige stedsgenoat binne sneintejûn oanholden op de Hermanastins yn Ljouwert nei't se in plysjeman bedrige hienen. De jonges stutsen fjoerwurk ôf op de Roordabrêge. Doe't de plysjeman it duo dêr op oanspruts, waard er troch it twatal bedrige.
De jonges binne oanholden en nei it plysjeburo brocht. De plysjeman hat oanjefte tsjin it twatal dien.