Twadde taalkafee yn Opsterlân

© ANP
Oerterp krijt in eigen taalkafee. Yn neifolging fan De Gordyk, dêr't sûnt ferline jier in taalkafee is, kiest de gemeente Opsterlân foar in twadde taalkafee. Doel fan it kafee is om ynwenners op leechdrompelige wize oefenje te litten mei de Nederlânske taal.
Opsterlân hat him yn 2013 oansletten by it Bondgenootschap Laaggeletterdheid. Doel is om it tal minsken dat net goed lêze en skriuwe kin yn fiif jier tiid mei 10 persint omleech te bringen.