Nije data iepenloftspul bekend

08 sep 2014 - 10:14

Der komme ferfangende foarstellings fan it iepenloftspul yn Jorwert. Dit wykein binne alle foarstellings skrast fanwege it slimme ûngelok freed. Ek kommende wike geane de foarstellings net troch. In 18-jierrige jonge út Jorwert kaam freed om it libben. Fjouwer oaren rekken ferwûne.

De foarstellings fan 5, 6, 9 of 11 septimber gean net troch. Minsken dy't hjirfoar kaarten hiene, binne op 'e hichte brocht fan de nije data wêrop't de foarstellings no spile wurde sille.

De foarstelling fan freed 5 septimber wurdt spile op freed 26 septimber. De foarstelling fan sneon 6 septimber is no op sneon 27 septimber. Tiisdei 9 septimber wurdt tiisdei 23 septimber en tongersdei 11 septimber wurdt snein 14 septimber. Alle foarstellings begjinne om 20.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)