Van der Bos wint wer yn Penjum

07 sep 2014 - 18:16

Gert-Anne van der Bos, Jacob Wassenaar en Daniël Iseger hawwe snein de lêste frije formaasjepartij fan it seizoen wûn. Yn Penjum wie it trijetal yn de finale mei 5-3 en 6-0 te sterk foar Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Cornelis Terpstra.

De lytse preemje wie foar Jan Dirk de Groot, Dylan Drent en Hans Wassenaar. De manlju ferlearen yn de striid om it finaleplak mei 5-4 en 6-6 fan Van der Bos en-dy.

Lykas ferline jier waard Gert-Anne van der Bos útroppen ta kening fan de dei.

De kommende fjirtjin dagen binne der noch twa trochinoar lotters partijen foar de haadklassers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)