FVC ferliest op eigen fjild

Haadklasser FVC sette it seizoen útein mei in 1-0 ferliespartij tsjin RKHVV. Op eigen fjild kaam FVC nei 23 minuten spyljen op efterstân. In bôgebal yn de fiere hoeke koe net keard wurde troch FVC-keeper Sander Schaafsma.
Yn de twadde helte gie de ploech fan Bert Hollander op jacht nei de 1-1. René Hoen krige de bêste mooglikheid, mar syn bal waard noch krekt fan de line helle. Mei noch 3 minuten te gean moast RKHVV fierder mei tsien man. De Ljouwerters slaggen der lykwols net yn om fan de man mear situaasje te profitearjen.