Minne start Snits Wyt Swart

Haadklasser Snits Wyt Swart hat snein de earste wedstriid fan it seizoen ferlern mei 3-1 fan De Bataven. Yn it Gelderske Gendt kaam de thúsploech yn blessueretiid fan de earste helte op 1-0.
Nei rêst moast De Bataven mei tsien man fierder. De ploech fan trainer Berry Zandink wist dêr lykwols net fan te profitearjen en kaam sels op in 2-0 efterstân. Erolind Derguti brocht de spanning werom mei de oanslutingstreffer, mar fierder kamen de Snitsers net. Yn de 89e minút smiet De Bataven de wedstryd definityf yn it slot mei de 3-1.