Stedsjers soargje foar ûnrêst

07 sep 2014 - 11:15

De plysje hat sneontenacht twa Ljouwerters oppakt dy't foar oerlêst yn de stêd soargen. Yn de Grote Hoogstraat hearde de plysje in 37-jierrige man meardere kearen razen. Hy skold ek de plysje út. Doe't de aginten him op syn gedrach oansprekke soene, begûn in 27-jierrige Ljouwerter him der mei te bemuoien en begûn ek te razen. De oare Ljouwerter die mei him mei en mei harren beiden besochten se om omstanners ek tsjin de plysje op te setten. De plysje wist de beide Ljouwerters úteinlik mei hiel wat muoite oan te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)