Man oerfallen op It Fean

Plysje © ANP XTRA
In 51-jierrige man fan It Hearrenfean is sneontenacht oerfallen yn syn wenning oan Het Meer. Hy wie boppe doe't er leven hearde. Yn de gong trof er twa maskere manlju oan. Dy bedrigen de Feanster, bûnen him fêst en easken jild. Uteinlik naaiden de oerfallers út mei de pinpas fan it slachtoffer. De man koe himsels befrije, wêrnei't de plysje warskôge waard. De plysje is op syk nei tsjûgen.