Deadlik ûngelok by Ealahuzen

In 19-jierrige jonge út Kolderwâlde is sneintemoarn om it libben kaam by in ûngelok op de Wâldwei by Ealahuzen. De bestjoerder ried fanút Aldegea rjochting Wâldsein en rekke troch noch ûnbekende oarsaak mei syn auto fan de dyk. Hy botste tsjin in beam en kaam yn it wetter telâne. In foarbygonger seach de auto yn it wetter lizzen en belle 112. Help kaam te let. It slachtoffer is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. De plysje docht fierder ûndersyk.