Tusveld wint Omloop Trynwâlden

06 sep 2014 - 18:03

De tolfde edysje fan de Omloop fan de Trynwâlden is sneon in proai wurden foar Martijn Tusveld. De hurdfytser út Utrecht siet fan begjin ôf oan yn de 9 man sterke kopgroep. Oardel ronde foar de ein wist Tusveld te ûntsnappen en kaam er solo oer de einstreek. Yn de striid om de oare poadiumplakken wist Patrick van der Duin út Nieuw Roden it sulver te bemachtigjen. Maikel Bos fan Oldebroek sprinte nei it brûns.

Frank Wierstra fan Burgum einige krekt njonken it poadium op it fjirde plak. Fyfde waard Teake Piet van der Werf út Dearsum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)