Milenniumfestival yn Drylts

06 sep 2014 - 17:59
  • Minister Ploumen op it Milenniumfestival yn Drylts yn 2014

De milenniumdoelen bekender meitsje by it publyk en jild ophelje foar it goeie doel. Dat wienen sneon de doelen fan it 9de Milenniumfestival yn Drylts, dat troch minister Ploumen iepene waard. Yn 2015 fynt it lêste festival plak omdat it ynternasjonale Milennium projekt dan ophâldt.

Foar dy gelegenheid hat de organisaasje yn Drylts de Kening en Keninginne útnoege. Neffes de minister is it festival yn Drylts bysûnder omdat it hielendal fan ûnderop organisearre wurdt.

The Hunger Project besiket minsken yn earme lannen te learen hoe't se sykten sels foarkomme kinne. It festival is ien fan de aksjes fan de groep Drylts om jild op te heljen. Der is 55 tûzen euro ophelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)