'Grut fertriet yn Jorwert'

06 sep 2014 - 17:06

Grut fertriet yn Jorwert nei it slimme auto-ûngelok fan freedtejûn. In 18-jierrige jonge út Jorwert kaam dêrby om it libben. Fjouwer oare jonges út it doarp rekken ferwûne. It giet om ien jonge fan 15 en trije jonges fan 16 jier.

It is in dreun foar de lytse mienskip fan likernôch 320 minsken, seit Douwe de Bildt, foarsitter fan doarpsbelang. 'Dit hat in grutte ympakt op alle húshâldings hjir yn it doarp, want elts hat wol in relaasje mei ien fan de slachtoffers.'

It stjergefal yn it doarp is reden foar it bestjoer fan it iepenloftspul yn Jorwert om de foarstellings fan sneon en snein ôf te sizzen. 'Oant mei de begraffenis sille der sa wie sa gjin foarstellings wêze. Nije wike sille wy besjen oft de oare foarstellings wol as net trochgean', seit foarsitter Harry Kaspers.

Sneon sil der foar ynwenners en belutsenen romte wêze om mei-inoar te praten en inoar te treasten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)