Admiraliteitsdagen wer begûn

06 sep 2014 - 16:50

De Admiraliteitsdagen yn Dokkum binne dit jier grutter as ea. It budzjet is mei 120-tûzen euro 40 prosint heger as foarich jier, foaral troch mear sponsorjild. Benammen de hoareka betellet dit kear folle mear mei.

De organisaasje hopet dan ek 40 prosint mear besikers te lûken: 50.000 oer trije dagen. Foarich jier wienen der per dei tusken de 8000 en 10.000 besikers. De iepening wie freed, mei it oanlizzen fan autentike skippen. De admiraliteitsdagen duorje oant en mei snein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)