Earste Fryske scootmobyltocht

06 sep 2014 - 15:21

Yn Sint-Nyk hat sneontemiddei de earste Fryske scootmobyltocht west. De dielnimmers rieden lâns de praalweinen fan de allegoaryske optocht fan ôfrûne tongersdei.

De weinen stienen op ferskate plakken opsteld. De scootmobyltocht is in inisjatyf fan útjouwerij PENN.nl, dy't ek e-bike rûtes organisearret. De aktiviteiten fan PENN.nl binne keppele oan de aksje Moaie minsken, moai guod. Dat is in rige fan aktiviteiten yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)