Sportklup sutelet Frysk boek

De kuorbalferiening fan Warten is sneon mei kroaden fol Fryske boeken by de doarren delgong. It is in idee fan sutelaksje Tsjil om de ferkeap fan Fryske boeken in nije ympuls te jaan.
Tsjil organisearret op fjouwer sneonen yn septimber sutelaksjes yn tolve doarpen, dy't sels oanjûn hawwe dat sy as fanâlds mei kroaden fol Fryske boeken by de doarren del wolle. Foarsitter Ferdinand de Jong fan Tsjil fertelt dat ferienings dy't meihelpe tweintich persint fan de opbringst hâlde meie foar de eigen klup.
Deputearre Jannewietske de Vries wie sneon ek yn Warten by de ôftraap fan de sutelaksje. Sy is bliid mei it inisjatyf fan stifting Tsjil om ferienings yn te setten by it suteljen. Sy wol sjen wat de mooglikheden binne foar in trochstart fan de sutelaksje, neist de stichting Boeken fan Fryslân.