Jonge mantelsoargers sintraal

Sa'n 120 jonge mantelsoargers hawwe sneon in spesjale dei oanbean krigen op it fleanfjild fan Drachten. En dêr sitte betiden noch best jonge bern tusken. Sy helpe thús mei yn de soarch foar in siik gesinslid. Gewoanwei besiket de stifting Fawaka harren dêr al mei te helpen, mar sneon komt de stifting Fly4you dêr noch by.
Sy soargje derfoar dat de bern meifleane kinne yn in fleantúch. Dat waard sneontemoarn earst noch eefkes útsteld, om't it wat te skier waar wie. Der binne genôch alternative aktiviteiten foar de bern regele.
Foar harren is it hiel aardich dat sy sa yn de belangstelling stean, mar wichtiger is dat sy yn kontakt komme mei oare bern dy't yn in selde soart situaasje sitte.