Foarstellings Jorwert ôfsein

Maraton
Der wurde foarearst gjin foarstellings spile fan it iepenloftspul 'Maraton' yn Jorwert. Dat seit foarsitter Harry Kaspers fan it bestjoer. Reden is it slimme auto-ûngelok fan freedtejûn dêr't fiif jonges út Jorwert by belutsen binne. Ien jonge fan 18 is by dat ûngelok om it libben kaam. Nije wike wurdt besletten oft de foarstellings fan it útferkochte iepenloftspul wer oppakt wurde sille of dat it hielendal ôfsein wurdt.