Slaanderij yn snackbar

06 sep 2014 - 11:49

In Ljouwerter fan 38 jier is freedtenacht oppakt om't er in 17-jierrich famke en in 18-jierrige jonge mishannele hat yn in snackbar oan de Drachtsterwei. De fertochte makke opmerkings tsjin it famke. Doe't se dêr wat fan sei, krige se in klap. De man grypte har ek by de kiel. De jonge woe har ferdigenje, mar waard ek mishannele. Hy moast nei it sikehûs ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)