Froulju winne WK muorrekeatsen

© KNKB Media
It Nederlânske trio Marike Beckers, Miranda Scheffer en Nelie Steenstra is freed yn it Spaanske Massamagrell wrâldkampioen muorrekeatsen wurden. Yn de finale waard regearjend wrâldkampioen Puerto Rico mei 2-1 yn sets ferslein.
De Nederlânske formaasje ferlear de earste set, mar kaam dêrnei goed yn de wedstriid. Se wûnen de twadde set mei 11-10 en pakten de tredde en beslissende set mei grut ferskil. Dêrmei naam Nederlân wraak foar de finale fan twa jier lyn. Doe wûn Puerto Rico.