Deadlik ûngelok by Jorwert

By in slim ûngelok yn Jorwert is freed in 18-jierrige jonge út Jorwert om it libben kaam. It ûngelok is mooglik feroarsake troch in 16-jierrige jonge, ek út Jorwert. Dat hat de plysje bekend makke. Op in deadrinnende dyk botste de auto mei dêryn fiif jonges op in beam. De 18-jierrige jonge oerlibbe de klap net.
De oare fjouwer ynsittenden rekken ferwûne. It giet om ien jonge fan 15 en trije fan 16 jier, allegear út Jorwert. De slachtoffers binne nei sikehûzen yn Ljouwert en Snits brocht. De bestjoerder wie nei it ûngelok útnaaid.
Helpferlieners en buertbewenners hawwe nei him socht. Hy waard úteinlik oantroffen yn syn hûs. Omdat er ferwûne wie, is er nei it sikehûs brocht. Hy hie net dronken. De 16-jierrige jonge is net oanholden. De plysje wol earst mei alle belutsenen prate om der wis fan te wêzen dat hy yndie de auto bestjoerde.
Fanwege it ûngelok is it iepenloftspul fan Jorwert nei it skoft net trochgien. Foarearst binne ek de kommende foarstellings ôfsein.