Jelle B. net fierder yn Voice

05 sep 2014 - 21:50

It is Jelle B. net slagge om de folgjende ronde te berikken yn it televyzjeprogramma The Voice of Holland. De 28-jierrige sjonger út Wytgaard mei syn bekende reade jaske en gitaar song by de bline audysjes in mash-up fan fjouwer nûmers. Hy soarge foar in soad sfear yn de seal.

De sjuery mei ûnder oare Marco Borsato en Trijntje Oosterhuis wiene wol ûnder de yndruk, mar der waard dochs net draaid. Jelle B. sei nei ôfrin 'flink te balen'. Ferline jier behelle sjongeres Gerrie Dantuma fan Stiens it tredde plak yn The Voice of Holland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)