Nij gemeenteliet DFM

05 sep 2014 - 18:22

Sieger Bijsterveld fan De Jouwer hat de bêste tekst betocht foar it nije liet fan gemeente de Fryske Marren. In skoft lyn hie boargemaster Arie Aalberts de ynwenners fan syn gemeente oproppen om mei te dwaan oan in wedstryd foar it skriuwen fan it gemeenteliet.

De Fryske tekst fan Bijsterveld slút neffens Aalberts it bêste oan by it gefoel dat der foar elkenien plak is yn syn gemeente. De earste rigel fan it folksliet is: It is it lân dêr't ik grutsk op bin, fan wetter, bosk en greide.

De winner waard bekend makke troch boargemaster Aalberts yn de studio fan Omrop Fryslân yn it radioprogramma Noardewyn. It winnende liet waard yn it programma live song troch sopraan Aletta Been.

Dit is de tekst fan it nije gemeenteliet:
It is it lân dêr't ik grutsk op bin,
fan wetter bosk en greide.
It binn' ús eigen Fryske Marren,
it lân fan myn hert.
It is it plakje yn ús Fryslân,
it binn' De Fryske Marren!
It is it folk dêr't ik grutsk op bin,
de frjemden en de freonen,
bewenners fan De Fryske Marren,
it folk fan myn hert.
It binn' de minsken fan ús Fryslân,
en fan De Fryske Marren.
Bewenners fan De Fryske Marren,
it folk fan myn hert.
It is it plakje yn ús Fryslân,
it binn' De Fryske Marren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)