Swimbad Gytsjerk langer iepen

05 sep 2014 - 18:17
  • Drokte yn swimbad De Sawn Doarpen fan Gytsjerk

Iepenloftswimbad De Sawn Doarpen yn Gytsjerk bliuwt fanwege it moaie neisimmerwaar 9 dagen langer iepen. Dat makke wethâlder Doeke Fokkema fan Tytsjerksteradiel freed bekend op de feestlike seizoensôfsluting. De gemeente hie fan ferskate fêste swimmers it fersyk krigen om it seizoen te ferlingen en is dêr op yngien. Swimbad De Sawn Doarpen wurdt draaiende hâlden troch beropskrêften mei stipe fan frijwilligers fan de stifting Swim!

It swimbad hat dit seizoen oant no ta al tusken de 30.000 en 35.000 besikers lutsen. Dat is mear as yn 2013.

Stifting Swim! waard in pear jier lyn oprjochte om sluting fan it swimbad te foarkommen. De gemeente Tytsjerksteradiel is no ek net mear fan doel om De Sawn Doarpen te sluten. Yn 2015 sil it swimbad noch langer en faker iepen wêze, omdat dan it oerkape swimbad yn Burgum renovearre wurdt. Elsinga fan Gytsjerk waard freed útroppen ta swimmer fan it jier. Elsinga gie it ôfrûne seizoen oant no ta al 133 kear te swimmen. De Sawn Doarpen bliuwt dit seizoen iepen oant en mei snein 14 septimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)