'Mûne Boerum is wol monumint'

05 sep 2014 - 16:36
  • Mûne Windlust yn Boerum

De werboude mûne Windlust yn Boerum is ten ûnrjochte fan de monumintelist helle en moat dêr dan ek sa gau mooglik wer op. It CDA, de PvdA en de VVD sille dêr moandei in moasje oer yntsjinje.

Earder liet minister Jet Bussemaker witte dêr neat foar te fielen. In Keamermearderheid giet dêr lykwols net mei akkoart. Keamerlid Sander de Rouwe fan it CDA ferwachtet dat de minister de moasje wol oernimme sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)