Nije eilantsjes yn Snitsermar

De Snitsermar krijt fjouwer eilantsjes werom. It giet om de ferdronken Roospollen, it eilân Eva en de Tryntsjepôle. Dizze eilantsjes binne yn de rin fan de jierren troch de hege weagen fuortslein. De provinsje en de Marrekrite heegje se wer op, sadat se brûkt wurde kinne troch wettersporters. Der komme sa'n 50 oanlisplakken by.
It opheegjen kostet 600.000 euro. Freed hawwe deputearre Johannes Kramer en Lourens Touwen, direkteur fan de Marrekrite de hantekens set. Dêrmei draacht de provinsje de eilantsjes oer oan de Marrekrite.
De Tryntsjepôle moat al oer in pear moanne klear wêze. Deputearre Kramer en direkteur Touwen smieten tegearre de earste amerkes sân yn it wetter dêr't de eilantsjes komme moatte.