Undersyk nei Frysk reisgedrach

Rykswettersteat docht ûndersyk nei it reisgedrach fan automobilisten en it motor- en frachtferkear yn Fryslân en Grinslân. Se wol hjirmei ynsjoch krije yn wêr't it ferkear hinnegiet. Dêrneist wol Rykswettersteat ek graach witte hoefolle ferkear der op de rykswegen rydt.
Nije wike moandei en tiisdei wurdt al it ferkear teld op de A32 by Stienwyk yn de rjochting fan Wolvegea en op de A7 by knooppunt It Hearrenfean. Foar it ûndersyk wurde alle kentekens notearre. De minsken krije dan in pear dagen letter in fragelist dy't se ynfulle kinne.