Undersyk knipepunten Skieding

De Skieding by Surhústerfean © Google Maps
Der moat sjoen wurde nei in oplossing foar de knipepunten yn De Skieding by Surhústerfean. Dat moat sûnder dat der sprake is fan in opwurdearring fan dizze dyk. Dat advisearret de kommisje foar de miljeu-effektrapportaazje.
De provinsje wol fan de N358 tusken de A7 en Surhústerfean in dyk meitsje neffens it prinsipe "duurzaam veilig". Sjoen de reaksje út de streek hat de provinsje foar in frijwillige MER-proseduere keazen. Knipepunten as feiligens en trochstreaming moatte dêryn oplost wurde, mar der mei gjin sprake wêze fan in opwurdearring.