Romjen bisten Stynsgea stilset

05 sep 2014 - 14:11

It romjen fan de keallen op de keallemesterij fan Chris Naalden yn Stynsgea wurdt freed net ôfmakke. Sa'n 300 fan de 1600 keallen binne der noch. De oarsaak is dat de slachterijen yn it lân sa fol sitte, dat der gjin bisten mear by kinne.

Tongersdei is begûn mei it romjen fan 4000 keallen yn Stynsgea en Bant. Dat barde op lêst fan de Nederlandse Voedsel en Warenautoriteit. Der is in ferbean antibioatikum fûn yn meunsters dy't ôfnaam binne by de bisten. Foar de famylje Naalden is it in dei fol emoasjes, sa fertelt bedriuwslieder Bert Ensing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)