Skeeleraars traine yn teater

05 sep 2014 - 14:04

Skeeleraars út Wolvegea en Nijeveen traine dizze winter yn teater De Meenthe yn Stienwyk. Troch de ferbouwing fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean binne de sportklups harren trainingsseal dêr in skoft kwyt.

It teater yn Stienwyk hat in houten flier dêr't goed op skeelere wurde kin. De ferwachting is dan ek dat mear skeelerklups it foarbyld fan Wolvegea en Nijeveen folgje sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)