IIshockey yn swier waar

De iishockeykompetysje yn Nederlân sit yn swier waar. Der binne noch mar fjouwer ploegen oer, wêrûnder de UNIS Flyers fan It Hearrenfean. Twa moannen lyn luts Den Haach him werom en no sil ek Dordrecht net dielnimme om finansjele redenen.
It gefolch fan dizze ôfsizzings is dat ek Eindhoven net mear fierder wol om't se de kompetysje no te lyts fine. De oerbleaune ploegen sette wol útein mei de beker. Foar de kompetysje wurdt noch nei in oplossing socht. De winsk is om gear te wurkjen mei de Oberliga yn Dútslân. Dat slagget dit jier net mear.