Fryske muzyk yn Eastenryk 5

Fan 1 oant 5 septimber folget Omrop Fryslân in bus fol echte Fryske muzykfans. De 40 âldere jongeren reizgje yn it televyzjeprogramma 'Fryske muzyk yn Eastenryk' achter harren idoalen oan nei Westendorf yn Eastenryk foar optredens fan Griet Wiersma, Anneke Douma, Gurbe Douwstra, Piter Wilkens, Jaap Louwes en Doede Veeman.
Freed op Omrop Fryslân TV it lêste diel.
Herman van der Meer is de iennige Grinzer dy't fan Fryske muzyk hâldt. Sels is hy ek behoarlik muzikaal. Sa spilet er mûlharpe en gitaar. Herman is foar de twadde kear mei nei Eastenryk. Hy soe wol in moaie fiifde trûbadoer wêze, mar dêr tinke de oare fjouwer wat oars oer.
Wol hat Doede Veeman in muzykynstrumint foar Herman reparearje. Ek vertelt Doede oer syn ambysjes, dy hat er net. As der mar wille is, dan is it Doede al bêst genôch.
Sjoch hjir no al it lêste diel fan 'Fryske muzyk yn Eastenryk'.