Toeristebelesting net omheech

05 sep 2014 - 11:22

Dongeradiel giet yn petear mei ûndernimmers oer de toeristebelesting. Tongersdei waard yn de kommisjefergadering it foarstel om de toeristebelesting te ferheegjen ôfkard. De toeristyske ûndernimmers wienen hjir poer op tsjin, om't it om in ferheging fan 50% gong: fan 1 euro nei 1,50 euro.

Boppedat lei der noch in ôfspraak út 2012 dat de belesting oant en mei 2015 net omheech gean soe. Wethâlder Albert van der Ploeg hat it foarstel dêrom wer ynlutsen. Hy sil takom wike yn petear mei ûndernimmers om te praten oer hoe't it fan 2016 ôf moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)