Ynwenners rêde kroech Terherne

Kroech Zevenwouden yn Terherne is definityf rêden. In groep fan trije ûndernimmers út it doarp hat de âlde kroech út de 18e ieu opkocht om foar te kommen dat in ynvestearder fan bûten it doarp it gebou yn hannen krige. De ûndernimmers wiene benaud dat dêrmei de iennige hoarekafoarsjenning yn it doarp dy't it hiele jier troch iepen is, ticht gean soe.
De ûndernimmers wolle it gebou flink opknappe. Neffens it trijetal is der noch genôch ferlet fan de kroech yn it doarp.