Keallen romme yn Stynsgea

05 sep 2014 - 10:21

De NVWA is tongersdei yn Stynsgea úteinset mei de romming fan de 4000 keallen fan boer Chris Naalden. Naalden hat keallen yn Stynsgea en Bant. It bedriuw siet sûnt begjin augustus op slot om't de keallen feefoer mei it ferbeane antibioatikum furazolidon fretten hawwe. It middel waard oantroffen by mear as de helte fan de meunsters dy't by de keallen ôfnaam binne. Dochs moatte alle keallen no romme wurde.

De bisten wurde ophelle en op in oar plak romme. Fannacht wurdt begûn mei de romming yn Bant.

Naalden hat besocht om de romming te kearen by de rjochter, mar dat is net slagge. Hy kin it bedriuw allinnich trochsette as er nei in juridyske proseduere in skeafergoeding krijt fan de oerheid of fan it bedriuw dat it feefoer levere hat. De kâns dat soks slagget, is net hiel grut tinkt bedriuwslieder Bert Ensing fan it bedriuw yn Stynsgea.

De NVWA lit yn in reaksje witte dat sy de Europeeske rjochtline folgje. Sa gau as it ferbeane antibioatikum fûn wurdt, moatte de bisten út de hannel helle en romme wurde, meldt de ynstânsje. It makket dan net út hoefolle fan de ferbeane stof oantroffen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)