Start bou twadde studinteflat

De earste wentoer waard iepene troch kfdK John Jorritsma en boargemaster Crone © Omrop Fryslân, René Koster
Boubedriuw Friso is tongersdei úteinset mei de bou fan de twadde studinteflat op de kenniskampus yn Ljouwert. De twadde wentoer biedt wenromte oan sa'n 90 studinten. Lykas yn de earste wentoer sille ek de wenromten yn dizze flat ferhierd en beheard wurde troch StudentStay. Ek is Friso dwaande mei de ûntwikkeling en tarieding fan de tredde faze, wêrby't der wenromte ûntwikkele wurdt foar nochris 80 studinten.
Healwei juny is de earste wentoer al iepene dy't plak biedt oan sa'n 100 studinten.