Bou Spoedzorgplein fan start

04 sep 2014 - 19:29
  • Mei grutte spandoeken wurdt de bou fan it Spoedzorgplein oankundige
  • Der wurdt al drok boud oan it Spoedzorgplein njonken it Antonius sikehûs

Pasjinten dy't yn Fryslân akute soarch nedich hawwe, kinne meikoarten terjochte by it Spoedzorgplein yn Snits. It soarchplein is in nij gebou dat de kommende moannen boud wurde sil by it Antonius sikehûs. Yn it gebou sitte ûnder oare húsdokters, aptekers en sels toskedokters. Der wurdt ek gearwurke mei de spesjalisten fan it sikehûs sels.

Doel fan it Spoedzorgplein is dat pasjinten folle flugger en better holpen wurde kinne. Se hoege dan net mear fan de iene nei de oare spesjalist te reizgjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)