Gjin nije dyk nei De Westereen

Der komt gjin súdwestlike ûntslutingsdyk fan de Sintrale As by De Westereen. Dat hat de gemeente Dantumadiel bekend makkke. It beslút waard naam omdat der net genôch draachflak is yn it doarp. De ûntslutingsdyk moast soargje foar in rappe ferbining fan it súdlike diel fan it doarp en de doarpen eastlik fan De Westereen mei de Sintrale As. Ek soe it bedriuweterrein fan De Westereen better berikber wurde.
Yn oerlis mei wethâlder Roelof Bos hat de Feriening foar doarpsbelang De Westereen oanjûn dat der gjin draachflak foar de dyk is.
Alle tariedende wurksumheden binne no definityf skrast.