Wurk oan nije rotonde Wolvegea

04 sep 2014 - 16:18

Fan 8 septimber ôf moat it ferkear rekken hâlde mei wurksumheden by de oanlis fan in rotonde by Wolvegea. De rotonde komt oan de kant fan Aldeberkeap te lizzen, wêrtroch it ferkear feiliger fan en nei de A32 ride kin.

De wurksumheden duorje oant en mei 12 oktober. Ferkear moat omride fia ôfrit 9 Teridzert of ôfrit 7 Stienwyk. Yn it wykein fan 10 oant 12 oktober wurdt ek de provinsjale dyk fan Wolvegea nei Aldeberkeap ôfsletten. Ek fytsers wurde omlaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)