Efterfolging mei 12 auto's

04 sep 2014 - 16:01

Nei in wylde efterfolging is tongersdeitemiddei yn Akkrum in auto klemriden. Yn de auto sieten twa minsken. De bestjoerder fan de auto is útnaaid, de oare ynsittende is oanhâlden. De auto waard fan Drachten nei Akkrum achterfolge troch ferskate plysje-auto's. De plysje is mei man en macht op syk nei de bestjoerder fan de auto.

Der hawwe seker alve plysje-auto's en twa plysjemotoaren oan de achterfolging meidien. Wat de mannen útheefd hawwe ha is noch net bekend. It giet nei alle gedachten ûnder oare om gefaarlik rydgedrach.

By de achterfolging waarden snelheden fan tusken de 130 en 150 kilometer de oere helle.

Trefwurden: 
Akkrum achterfolging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)