Priis foar garnaledop-bûljon

It plan fan Feike van der Leij út Ljouwert om bûljonblokjes te meitsjen fan garnaledoppen, is ien fan de fjouwer winners fan de ûndersteuningspriis op Duurzame Dinsdag. It plan mei de namme 'Gezondheid met Smaak' is útkeazen út mear as 200 duorsume plannen. Mei it winnen fan de ûndersteuningspriis krijt Van der Leij meikoarten advys fan saakkundigen en mei er workshops folgje om it plan út te wurkjen.
De Ljouwerter betocht it plan yn gearwurking mei hegeskoalle Van Hall Larenstein.
It doel is om de doppen dy't frijkomme by it masinaal pellen fan garnalen, te brûken foar bûljonblokjes.