Rekôrtal studinten by NHL

04 sep 2014 - 14:29

De NHL Hegeskoalle yn Ljouwert hat dit jier in rekôrtal studinten. Mear as 12.000 studinten nimme yn kolleezjejier 2014/2015 plak yn de banken fan de hegeskoalle. Ek ferline jier wie der sprake fan in rekôr, mar dit jier binne it der wer in pear hûndert mear.

Neffens Willem Smink fan it kolleezje fan bestjoer kieze benammen studinten út de noardlike provinsjes foar de NHL. De kommende twa jier moat de hegeskoalle hurd oan it wurk foar de fúzje mei buorman Stenden. De deadline dêrfoar leit op 1 septimber 2016.

Ek Stenden melde earder dizze wike by de iepening fan it nije stúdzjejier in 'foarsichtige groei' fan it tal studinten, mar koe noch gjin krekte sifers neame.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)