Twa ferwûnen by brân yn Starum

04 sep 2014 - 13:11

By in útsleinde brân op in kruser yn Starum binne twa persoanen ferwûne rekke. Op de boat sieten twa minsken, wêrfan ien ferwûne rekke en de oare mei de skrik frij kaam. Ek in omstanner rekke ferwûne. Op de boat sieten ek twa hûnen. Ien fan de beide hûnen oerlibbe de brân net. De oare is troch de bisteambulânse meinaam.

De boat lei oan de Skâns. Mooglik hat der in gaseksploazje west. De brânwacht hie it fjoer binnen tsien minuten ûnder kontrôle. Foar de slachtoffers is in traumahelikopter oproppen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)