Fryske muzyk yn Eastenryk 4

Fan 1 oant 5 septimber folget Omrop Fryslân in bus fol echte Fryske muzykfans. De 40 âldere jongeren reizgje yn it televyzjeprogramma 'Fryske muzyk yn Eastenryk' achter harren idoalen oan nei Westendorf yn Eastenryk foar optredens fan Griet Wiersma, Anneke Douma, Gurbe Douwstra, Piter Wilkens, Jaap Louwes en Doede Veeman.
Tongersdei op Omrop Fryslân TV it fjirde diel.
Foekje Bouma hat yn har libben sa'n tûzen bern op de wrâld setten. As kreamfersoarchster hat se altyd hurd wurke. Foekje is de muoike fan Gurbe Douwstra. Gurbe wist net dat Foekje komme soe, dus dat wie de earste ferrassing. En sa hie Foekje der noch in pear yn petto. Sa fynt se alles te djoer en smookt se as in Hells Angel. Anneke en Griet ha mear mei de himel en binne ferbjustere troch de skepping by harren trip yn de bergen. Yn tsjerke blykt dat se beide wol hiel ferskillend leauwe.
Sjoch hjir no al it fjirde diel fan 'Fryske muzyk yn Eastenryk'.