Topkok Smink nei Librije

Topkok Jan Smink út Wolvegea hâldt op by restaurant Kwartier Noord yn Ketlik. Smink wol him folslein rjochtsje op de wrâldfinale fan de Bocuse d'Or yn jannewaris fan takom jier.
De topkok giet trije of fjouwer dagen yn de wike oan de slach by de Librije, dêr't ek syn commis Lars Aukema wurket. Boppedat kin hy sa mear oerlizze mei syn coach, Jonnie Boer, dy't eigener is fan de Librije. Fierder sille Smink en Aukema ien dei yn de wike tegearre traine. Ek jout de Wolvegeaster noch in dei les.