Soad nije keatsleden Dronryp

03 sep 2014 - 21:37

De keatsklup fan Dronryp hat der yn ien kear 30 nije leden by krigen. Dat is opmerklik, want gewoanwei binne it der net mear as tsien. Sels it keatsbûn KNKB is fernuvere oer de grutte tarin yn Dronryp. Yn hiel Nederlân binne der goed 180 by kaam en dat ien klup dan tritich nije leden krijt is hiel opmerklik.

Neffens keatsklup VVV Sjirk de Wal komt de nije oanwaaks troch it sukses fan it skoalkeatsen. Se hawwe der mear tiid yn stutsen en hawwe der ek foar soarge dat de tiden oanslute op skoaltiden en de tiden fan de bûtenskoalse opfang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)