Sliepe yn in hotel fan sân

03 sep 2014 - 18:35
  • Sânhotel yn Snits

Sliepe yn in sânkastiel. It kin de kommende dagen yn Snits. Dêr is yn it ramt fan it sânskulptuerefestival in wier sânhotel delset. It hotel hat ien keamer en is ûnderdiel fan it sânskulptuer Bedrock fan de Flintstones. De muorren en it plafond binne fan sân makke, en ek steane der ferskate lytse skulptueren yn de keamer. It bêd en de badkeamer komme wol gewoan út de winkel wei.

It sânhotel lûkt ek ynternasjonaal de oandacht. Under oare fanút Ingelân en Dútslân is der ynteresse foar in eigen sânhotel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)