Subsydzje foar sportprojekten

© Omrop Fryslân
Seis Fryske sportprojekten hawwe in lanlike subsydzje krigen. De saneamde sportympulssubsydzjes wurde útjûn troch it Ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport, en binne bedoeld om lokale sportinisjativen te stypjen.
Sa hawwe de gemeente Dongeradiel en Ferwerderadiel subsydzje krigen foar in projekt dêr't groanysk sike pasjinten by motivearre wurde om mei te dwaan oan in sport.