Benefytjûn foar Silke

03 sep 2014 - 16:46

Yn diskoteek Club Prins yn Noardburgum wurdt in benefytjûn hâlden om jild by mekoar te krijen sadat in 9-jierrich famke dat slim siik is nei Amearika kin.
It famke, Silke, hat de sykte Dyskeratosis congenita, ek wol bekend as it zinsser-cole-engman syndroom. Der sit in flater yn har DNA wêrtroch sellen yn har lichem fluch ferâlderje en gauwer diele as gewoan.

Hjirtroch is it foar iepen plakjes dreech om wer ticht te gean en is it foar it liif ek dreech om te fjochtsjen tsjin bygelyks kanker.

Se is útnoege om nei Amearika te kommen om mear oer de sykte te witten te kommen. Dêrfoar is jild nedich. Op 4 oktober wurdt dêrom de jûn 'De reis voor Silke haar leven - Hard voor Hart' hâlden. Ferskate artysten sille optrede. It tagongskaartsje fan 5 euro is foar de reis fan Silke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)